De grutste partij yn de gemeenteried fan Smellingerlân, de ELP, wol net dat it fleanfjild fan Drachten en de 25 bunder grûn deromhinne ferkocht wurde. In groep ûndernimmers hat oanjûn de grûn keapje te wollen, mar de ELP fynt dat weismiten jild.
De partij sjocht noch mooglikheden foar de gemeente sels en wol sjen oft der in sinnepark komme kin op it stik grûn om de start- en lâningsbaan hinne. Boppedat binne de ûndernimmers net konkreet genôch om kavels ôf te nimmen en harren bedriuw dêr te fêstigjen, seit Yntze de Vries fan de ELP. “Wy fine it absolút net winsklik dat it ferkocht wurdt, dan liket it ús yn elk gefal better om mei in tsjinfoarstel te kommen. Oars komme we noait fierder.”
Yn Smellingerlân wurdt al jierren praat oer de takomst fan it fleanfjild. De ELP is benaud dat de gemeente de rezjy en de grip oer it stik grûn kwytrekket troch ferkeap. Boppedat soe in sinnepark in goede manier wêze om oan de regionale enerzjystrategy te foldwaan. Fleanklup Fryslân soe op dizze wize ek op it fleanfjild aktyf bliuwe kinne, seit De Vries.
De partij komt mei in nij amendemint oer fleanfjild Drachten en sil dat yntsjinje by de earstfolgjende riedsgearkomste. De groep ûndernimmers dy’t it fleanfjild yn syn gehiel opkeapje wol, hat noch net reagearre.